Tryater – Raze om protters (wannear’t it genôch is)

Grou – Yn it libben fan Doede, in jonge mei in licht ferstanlike beheining, is in soad feroare. Der is gjin plak mear foar him by de sosjale wurkpleats en syn passy foar de dowesport driget ûnbetelber te wurden. De maat is fol. Hy easket tiid en oandacht foar sýn libben, foar wat  wichtich fynt.

Yn dizze oandwaanlike teaterfoarstelling wurdst gizele troch Doede – mar meitsje dy gjin soargen: hy hat gjin kwea yn it sin. Hy wol allinne mar hiel graach datst efkes harkest -. Hy nimt dy mei yn syn wrâld, yn syn dreamen, lâns de paden fan syn ûnfrede, iensumheid en langstme. Kinsto him hearre?

Sneon 12 oktober 2019

Lokaasje: Van Vuuren Deuren, J.W. de Visserwei 5

Leden: € 15,50 (allinnich fia Krite)

Net-leden: € 17,50 (fia Krite en fia Tryater)

Freonen fan Tryater € 15,50 en CJP-CKV € 11,- (allinnich fia Tryater)

Tiid: 20.00 oere

Mear ynformaasje: www.kritegrou.nl

Tekst en rezjy: Eelco Venema

Spilers: Raymond Muller, Mads Wittermans, Aly Bruinsma  en Olympia Kotopoulos