55+ Grousters wolkom om elkoar te moetsjen

GROU- UVV, Dorpenteam, PKN, Seniorenbond en Pleatslik Belang organisearje in gesellige middei nei oanlieding fan de Nationale Ouderendag. Der is in‘wensboom’, in ynformaasjemerk fan Grouster organisaasjes, sang, theater, beweging en it haakcafé. Jo binne fan herte wolkom op freed 4 oktober fan 14:00-17:00 oere yn MFC Friesma State. In drankje en hapke stiet klear. De tagong is fergees. Foar fragen kinne jo skilje: Marike Kooiker, tillefoannûmer 0566-622180.