De Foarstelling

Akkrum/Nes – “De Foarstelling”, de jubileum foarstelling nei oanlieding fan it 100 jierrige bestean fan STAF, is freedtejûn yn it Posthûs op it Hearrenfean mei in spektakulêre show útein set.

Mei sang, dûns, muzyk en hilaryske teksten hat in entûsjaste groep spilers en spylsters út hiel Fryslân mei in protte nocht en wille de fêste gewoanten, emoasjes, ergernissen en tûkelteammen oer it Fryske amateurtoaniel op ‘e planken set.

Werkenber foar elk dy’t graach oer toaniel mei. In oanrieder! Net fersitte!

Jimme kinne noch komme te sjen op

 8 novimber yn De Koornbeurs, Frentsjer,

15 novimber yn Theater Sneek, Snits en

16 novimber yn Theater Sense, Dokkum.

Kaarten  E 15,00 ’t stik fia www.vanplan.nl of oan ‘e seal.

By de Foto: klaaisters, dekôrbouwer en ljocht en lûd technikus wurde tasongen troch harren  toanielploech yn “Goud efter de Skermen”.

Fotografie Simon Vlas