DOAZEN

Akkrum – Yn jannewaris 2020 is de premjère fan it stik ‘DOAZEN’ yn de Lantearne te Akkrum.

‘DOAZEN’ giet oer 6 susters, dy’t al hiel wat mei elkoar belibbe hawwe en noch belibje sille.

Yn ‘DOAZEN’ sjogge we it ‘gewoane’ deistige famylje-libben yn al syn fasetten: âld sear, ôfgeunst, wille, leafde, proaste, mar boppe alles soarch foar en ferbûnens mei elkoar.

De susters, spile troch Hennie, Joke, Anneke, Nynke, Yteke en Nynke, komme elkoar én harren sels gauris tsjin yn dizze prachtige tragy-komeedzje, regissearre troch Margreet Boer.

Nijsgjirrich wurden?? ‘DOAZEN’ wurdt spile op:

18 jannewaris —        20.00              — Lantearne Akkrum

19 jannewaris —        14.30              — Lantearne Akkrum

24 jannewaris —        20.00              — Lantearne Akkrum

25 jannewaris —        20.00              — Lantearne Akkrum

8 febrewaris    —        20.00              — Kiekmuure Hurderwyk

7 maart           —        20.00              — De Buorkerij Terherne

De kaartferkeap giet los op moandei 25 novimber. Dan kinne jo je kaarten bestelle fia it email-adres akkrumerdreamtheater@gmail.com . Fan moandei 6 jannewaris ôf kinne jo foar kaarten ek by Bakker Boonstra yn Akkrum telâne. Wês derby, want ….. fol is fol